K.F. Jacob Klaver set de Jong Famme Partij noch better op de kaart
Fan’t winter ûntstie it idee om in wike foar de Jong Famme Party buorden by de dyk te setten, sadat eltsenien witte kin wannear de Jong Famme Partij plakfine sil.
De buorden steane der no en eltsenien dy’t Mantgum mei de trein, auto, fyts, brommer, scootmobiel of rinnende binnenkomt falt it daliks op ’’Kommende sneon de Jong Famme Partij’’
Doe’t wy fan’t maaitiid de prachtige oankundigingsbuorden fan it Wjukken Rockpodium seagen wisten wij it seker ‘’dit wolle wy ek’’. We kamen yn kontakt mei Irmfried Offenga fan Offenga Polyester fan Frjentsjer. In pûr geskikte man dy’t ús wol helpe woe. De buorden waarden troch Offenga Polyester sponsere, en der waard foar soarge dat we net te djûr oan de belettering kamen. Irmfried Offenga en buorman Jelle Merkus hawwe de letters en it Jacob Klaver logo der keurig opplakt. Pieter fan Boubedriuw Klaversma soarge foar in stevige efterkant en hat se tegearre mei Kevin van Krugten en Jelle Anema te plak set.
Geplaatst op 30 June 2011